Dea spoar

dea spoar
15 januari 2021

Wy skriuwe 1975. Mei in farske beneaming oan de Ds. Griffijnskoalle yn ’e bûse setten wy ta op Kollumersweach. Der moast ommers in hûs útsocht wurde, sa’t master Wiersma ús te witten dien hie. Dat ‘útsykjen’ moast letterlik nommen wurde, begriepen wy doe’t it ‘Hoofd der School’ ús in rûnlieding joech troch in fikse nijbouwyk dêr’t noch amper in hûs fan bewenne wie.

Wat wie it gefal? De gemeente hie betocht dat der mar ris wat wenten by moasten, dêr yn Kollumersweach. Oft dy werklik nedich wiene die der net ta, oan foarûndersyk waard net dien. Wat in gelok dat der dan in ûnderwizersechtpear om in dak boppe de holle socht. Hoewol, Wiersma hie dat hûs sels al keazen, grutsk wiisde er it oan: ‘Dat liket my in gaadlik plakje!’ It wie midden yn ’e wyk, oftewol Huize Inkijk, sa’t wy it neamden. Uteinlik bedarren wy feilich oan ’e râne, mei in frije tún oan in sleatsje...

En de rest fan ’e wyk? Tsja, dy leechstân moast opfolle wurde, mar hoe? De oplossing wie simpel: set in advertinsje yn in lanlik blêd en kies as doelgebiet de Rânestêd. Dêr wenne grif genôch folk dat graach oer woe nei Fryslân: skjinne lucht en lege hieren op ’e keap ta. Man, dat wurke! Algau kamen de earste húshâldens oer, minsken mei as ekstra bonus in protsje bern: goed foar de skoalle, en de bakker soe der ek bliid mei wêze. Tagelyk, en dat wie de kearside, gie it ek om folk sûnder ‘ekonomise bining’, sa’t dat sa moai beneamd waard. Minsken sûnder wurk dus, mei alle problematyk dy’t dêrmei anneks wie.

Wy skriuwe 2021. Juster krige ik op myn Facebook in reklamespotsje (‘speciaal voor jou geselecteerd’) fan it CDA, mei in pleit foar de oanlis fan de Lelyline. Dêrmei soene se myn stim wol binnenhelje, sil de gedachte west hawwe, sa’t yn hegere politike sfearen rûnom ferûndersteld wurdt dat it hiele Noarden wol hiel bliid wêze sil mei sa’n fluggere ferbining. By neidielen wurdt dan, lykas yn 1975, net stilstien.

Dy ha ’k der foar de folsleinens dan ek ûnder set, mei as spearpunt dat ‘It Noarden’ dêrmei ferwurde sil ta in bûtenwyk fan de Rânestêd. Tel uit je winst, mei keapwenten dy’t net mear te beteljen wêze sille foar starters út de eigen regio. Dêrfan krige ik fan ’t simmer al in priuwke doe’t ik prate mei ien út ’e Súdwesthoeke dy’t wol belangstelling hie foar in nijbouhûs yn Lollum. Kâns makke er net, mei prizen boppe de trije ton, in bedrach dat mei gemak op tafel lein waard. Net troch de eigen ynwenners, mar troch keapers út ’e Rânestêd, sa’t er my fertelde.

It ferskil mei 1975 is dat it no om minsken giet dy’t wól in ekonomise bining mei de Rânestêd hawwe. En dy ek oanhâlde, troch gewoan op en del te reizgjen. No al. Dus dat wurdt noch wat as dy Lelyline der leit. Moatte wy it ek noch oer de gefolgen foar it Frysk hawwe, of is dat in sydspoar yn dizze diskusje? Nee, lit dy ferbining mei de Rânestêd mar lekker sitte, wy hawwe sa al genôch oan 'e kop.

Gelokkich lies ik fannemoarn dat dy ferbining foarearst net yn ’e plannen fan Den Haach opnommen wurde sil. Politisy hjir roppe al dat se har ‘passeard’ fiele, mar foar my is de bêste ferbining mei de Rânestêd in Lelyline op dea spoar.