Blommen op it pún
’k Sjoch duvels yn ’e fjilden
’k Sjoch grûn dy’t raast om bloed
Om wraak, om te ferjilden
In dûns fan juster, moarn en hjoed
Raketten weevje har patroanen
In izich mozayk fan haat
In loft fan reek, en dan it droanen
De dea slacht yn, gjin ûnderskaat
Byld fan in hûs, beton, in pinkje
In bernehantsje, dat is wis
In famke, ’k sjoch in rinkje
Fan beppe krigen, sûnder mis
In mem dy’t bidt, de eagen stikken
Yn in fan God ferlitten lân
Dea en ferdjer, sûnder ferblikken
De stank fan jiske, stof en brân
En dan te uzes, wy hjir te seuren
It ûnbelang is ús tragyk
Oer flaggen, komma’s, kleuren
Madurodam fan ús gelyk
Wa doart it oan en praat oer frede
Makket fan Eden wer in tún?
Wa pakt in skeppe, kiest foar de rede
En sieddet blommen op it pún?
Koos Tiemersma, oktober 2023
Update: dit gedicht makke ûnderdiel ít fan it jieroersjoch 2023 fan Omrop Fryslân (fan minút 27 ôf)