Unanym

22 januari 2016

Ik woe dat ik sa’n moai sjueryrapport hie, fersuchte in eardere winner fan de Gysbert Japicxpriis doe’t er dat fan my oanheard hie yn de Boalserter tsjerke mei syn fenomenale akûstyk. Ik moast earlik tajaan dat ik der mei alle echo’s om my hinne net folle fan meikrigen hie, mar doe’t ik it neilies koe ik net oars as tajaan dat it rapport der wakker op like.

Blykber is it sa dat sjueryrapporten frijwat ferskille yn kwaliteit. Ik bin der op Sirkwy ris yn dûkt, want dêr stiet in moaie nust om even troch te nimmen. Net allinnich de kwaliteit ferskilt, de iene sjuery is ek in stik positiver oer it winnende boek as de oare, sa foel my op. Der binne der sels dy’t de winner noch even sekuer oan it kopke prutse wat der better moatten hie. Fan in eardere winner fan in oare priis (ik formulearje it mar even rom) hearde ik sels dat dy it rapport fuortbarge hie en dêr bepaald net rouwich om wie. De reden? It wie ien grut ferwyt nei him ta, net mear, net minder. Blykber fielt net elke sjuery oan hoe’t it foar in skriuwer is om der by de útrikking achter te kommen dat de feestsit ûnder syn kont feroaret yn in skopstoel.

De sjuery wie unanym, ek sa’n sin dy’t in soad sjueryfoarsitters graach brûke meie. Fansels is it foar de skriuwer in hiele ferromming om te hearren dat der gjin dissidinten yn de sjuery sitte. Mar as in foarsitter rept fan unanimiteit, moat it ek sein wurde as dat nét it gefal is. Dat kaam guon skriuwers dan ek oer by de útrikking fan de Rely Jorritsmapriis. Sjueryfoarsitter Marga Claus joech by in pear winners oan dat ien fan de sjueryleden ‘gefaarlik dwers’ lei. Fan oaren ha ’k begrepen dat soks hiel gewoan is en dat leau ik ek wol: iepenheid is no ienris alles.

Mar dochs. Foar de skriuwer fielt it op dy manier samar as in priis mei in kraske, teminsten, sa soe it my fergean. Ik freegje my dan ek ôf oft it net mooglik is ek dy unanimiteit of it ûntbrekken dêrfan gewoan binnen de sjuery te hâlden, sa’t de measte oerwagings ûnder de pet bliuwe. Nim soks om myn part op yn it reglemint: dêr dogge wy gjin meidielings oer. It giet der ommers om dat de sjuery in winner oanwiisd hat, klear.

Gelokkich is der in treast foar skriuwers dy’t in priis takend krigen troch in net-unanime sjuery. Yn it âlde Joadse rjocht bestie nammentlik oait de regel dat in fertochte frijlitten wurde moast as de rjochters unanym wiene oer syn skuld. Men gie der nammentlik fan út dat unanimiteit tusken meardere minsken in utopy is en om dy reden allinnich mar wize koe op fouten yn de rjochtsgong.

Mei oare wurden: alles is relatyf. Goed wykein!