Haatresinsjes

18 april 2014

Resinsjes binne foar elke skriuwer de krinten yn ’e brij. It skriuwen is dochs al it toppunt fan iensumens, dus dan is it wol aardich wannear't wyldfrjemden de muoite nimme en besteegje der wat omtinken oan. Al is dat altyd mar wer ôfwachtsje. Want wurdt it boek dêr’t je in pear jier lang oan skreaun hawwe wol oppikt? Dat is in relevante fraach, want sa gewoan is it net sûnt it ferskinen fan in boek al lang gjin nijs mear is. Der ferskine der yn Nederlân allinnich al mear as 30000 nije titels jiers, opfalle is dan in kâns fan nul op niks. Yn Fryslân is dat net oars. Wat dat oanbelanget hat it literêre blêd Ensafh in namme op te hâlden. Wat je der fierder ek fan fine meie, de ûntwikkelings wurdt goed folge, je boek wurdt sinjalearre en besprutsen sûnder dat de skriuwer der sels achteroan hoecht te sitten. En dat is wat wurdich, seker yn myn gefal as selsstannich auteur, oftewol sa’t dat tsjintwurdich sa moai hjit, as ‘Indie writer’.

Mar wêrom is it ferskinen fan besprekken dan sa wichtich, al hielendal foar in begjinnend skriuwer? Foar de ferkeap? It selsbetrouwen fan de skriuwer sels miskien? It lêste is abslút it gefal. Ommers, oaren fine dyn boek de muoite fan it besprekken wurdich. En as it dan ek noch in posityf besprek is, kin dat ynfloed op de ferkeap hawwe, al stiet dat net ien op ien fêst. Resinsjes binne, sa blykt út ûndersyk, no net bepaald de meast lêzen krantestikjes en dan druk ik my noch foarsichtich út. Dêrby skynt it ek net út te meitsjen oft it oardiel posityf of krekt negatyf útpakt. De lêzer ûnthâldt heechstens it feit dat it boek besprutsen is, mear net.

It nut fan in resinsje is fierder noch datst as skriuwer wat hawwe kinst oan opmerkings dy’t de resinsint makket. Hy of sy twingt dy nei te tinken oer de fragen dy’t in goed besprek opropt. Want in resinsint is net in willekeurige lêzer, teminsten as it goed is. Omdatst as skriuwer gau it gefoel hast dat krityk itselde is as in oanfal (‘Ha ’k potferdoary in pear jier fan myn libben opoffere, krij ik as tank in bak stront oer my hinne’) freget ek it skriuwen fan in besprek fakmanskip en in profesjonele hâlding. In inkele kear giet it mis, en dan hast it oer de kategory fan de haatresinsje.

Want ek dat lêste komt wolris foar, al binne it útsûnderingen. Dan krijst as skriuwer in besprek oer dy hinne dat ûnevenredich negatyf útpakt. Sa hat de resinsje op Oek de Jong syn boek ‘Pier en Oceaan’ yn de Volkskrant hiel wat fragen oproppen. Fral de toan dy’t Arjan Peeters oansloech, wie der fier dy troch. Yn de Fryske skriuwerij is it besprek troch Jabik Veenbaas oer in boek fan Josse de Haan legindarys. De hiele opset wie sa negatyf dat je mar ien ding tochten: wat soe hjir achter stekke?  Sels is my soks ek in kear oerkommen. Yn ien foar de foargongers fan Ensafh waard de oersetting fan ‘De ljedder’ mei safolle dédain besprutsen dat ik it net litte koe der in stevige reaksje op te skriuwen. Hie ’k net dwaan moatten, fansels, mar je dogge wolris wat.

Dochs komme resinsjes en boeken by einsluten altyd by elkoar. Se ûntkomme net oan itselde lot en einigje ier of let by it âldpapier. Behalve it e-boek (meikoarten ‘Hoe blond je aap’ yn it Frysk op dizze side!) want: It E-boek Bliuwt Altyd Bestean!