‘Och heden, se hawwe hjir ek al Dútse boeken!’ sei in frou juster tsjin my wylst se by de recycling in boek fan in Fryske kollega-skriuwer út de farske oanfier fiske. Dy opmerking drukte my mar werris mei de noas op de feiten: der binne as it om it Frysk giet twa paralelle wrâlden mei bewenners dy’t amper wat mei-inoar te krijen hawwe.
Sels hâld ik mei wille ta op de Fryske planeet. Sa wie ik ferline wike sneon by de iepening fan it Gysbert-jier yn de Martinitsjerke te Boalsert. Der wiene kreaze taspraakjes, lykas dat fan Bert Looper oer ‘It Lân Fan Taal’ dat út de Kulturele Haadstêd wei organisearre wurde sil. It wurdt grif in moai taalfeest, dêr’t ik no al nei útsjoch. Ik skat yn dat der neist prachtich fysyk materiaal ek in protte ‘experiences’ oanbean wurde sille, kompleet mei 3d-brillen en wat al net. Fierder fertelde Henry Baron (ik hie him earder yn de wike al persoanlik moete) oer de Fryske taal dy’t er as bern meinommen hie doe’t er nei de Feriene Steaten emigrearre en wie der in foarumdiskusje dy’t troch de akûstyk mear foarum as diskusje wie. Dy akûstyk soarge der oars wól foar dat it koar ûnder lieding fan de altyd warbere Hindrik van der Meer klonk as in klokje mei in oantal prachtige Gysbert-lieten.
En dan waard dizze wike ‘Spoar 8’ presintearre, de nije metoade Frysk foar it basisûnderwiis. Hielendal yn de geast fan dizze tiid is it in digitale metoade wurden mei foar elk bern in oanbod op eigen nivo. ‘Spoar 8’ wurdt beselskippe troch it ek al digitale folchsysteem mei de tapaslike namme ‘GRIP’, dit om sekuer byhâlde te kinnen wat de bern oan (firtueel?) Frysk opdien hawwe. En dat is nedich, makke de VVD fan ’e wike dúdlik, want neffens dy partij smite de ûnderwiissubsydzjes fan goed seis ton oant no ta neat op en is de fraach rjochtfeardige oft dy sinten net better foar wat oars brûkt wurde kinne.
Oan de oare kant binne der ek altyd guon dy’t de Provinsje krekt op in folle gruttere ynset fergje om de Fryske taal te hoedzjen en te noedzjen, as it moat mei in Frexit om sa sels útmeitsje te kinnen hoe’t wy dat oanpakke sille sûnder dat ‘Den Haach’ der wat oer te fertellen hat. Dêrby wurdt foar it gemak mar foarbygien oan de fraach oft de Fryske befolking dy't foaral tahâldt op dy oare planeet dêr werklik op sit te wachtsjen. Dêrneist freegje ik my ôf oft it ûnderwiis noch wol yn steat is it ferskil te meitsjen as it om de Fryske taal giet. Skoallen fleane benammen oer troch de ynspeksje goedkarde snelwegen, op nei hege Cito-skoares en blide âlden. It Frysk is dan net mear as in blomke yn de berm. Boppedat nimt de âldere generaasje learkrêften, gauris yn it Fryske sâlt bebiten, yn heech tempo ôfskied. No binne jonge learkrêften ta hiel wat yn steat, gjin misferstân, mar as it om it Frysk giet haw ik sa myn twifels.
Hoe’t it ek is, ynearsten sil de Fryske taal it sûnder my dwaan moatte: Froon is wol ta oan syn eigen persoanlike Frexit. Wêrhinne? Sûnt wat ik juster by de kringloop meimakke tink ik sterk oan Dútslân, al ferwachtsje ik net in soad tsjin te kommen dy’t har eigen taal net werkenne, sa’t dat hjir wól it gefal is. Dêrmei slút ik dizze searje kollums ôf. Oft ik letter de tried wer oppakke sil, wit ik noch net. Lykas Asscher en Samsom brûk ik de kommende moannen om ien en oar op in rychje te setten.
Earst winskje ik jim allegearre mar in noflike simmer ta. Genietsje derfan, soe ’k sizze en ferjit foaral net ien fan myn digitale, gjin plak ynnimmende en hartstikke goedkeape boeken mei te kroadzjen!