Feest!

24 januari 2014

Ik bliuw mar wat reklame meitsjen foar Fryske jeugdboeken. As earste boek soe ik ‘De Kening fan Juster’ fan Paul van Dijk besprekke wolle. It is in Harry Potter-achtich ferhaal dat him ôfspilet yn twa werklikheden. Renske har pake Marius is in heimsinnich man dy’t yn in bosk in spannend hûs bewennet. Underwilens is it Lân fan Juster syn kening Magnus kwyt. Hy blykt útnaaid te wêzen troch De Poarte. Al gau wurdt dúdlik dat er yn ús werklikheid as pake Marius troch it libben giet om sa oan syn broer Alexios te ûntkommen, dy’t sels kening wurde wol. Dat wurdt fansels in striid op libben en dea mei as útkomst dat Renske har pake opfolget as keninginne. It boek stiet stiif fan de aksje. Trollen en ravens drave en fleane allegeduerigen driigjend troch it ferhaal hinne, wat in soad spannende sênes opsmyt, al bliuwt de reden somtiden wat ûndúdlik. De aksje nimt sa’n soad plak yn dat de skriuwer geregeldwei ferjit om syn haadpersoanen te karakterisearjen. Al komme se dêrtroch net allegear echt ta libben, likegoed nimt it ferhaal de lêzer mei. Fierder is dit boek werklik in feest om te sjen en yn ’e hannen te hâlden: in dikke tsien foar de moaie yllústraasjes en de fersoarge blêdspegel.

Yn ‘Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen’ fan Hanneke de Jong komt de lêzer yn ’e kunde mei Marike. Har mem wurdt 40 jier en dat sil ris goed fierd wurde. Marike sil dat feest organisearje, wat se mei in soad entûsjasme docht. Al wurdt se fan alle kanten holpen, it falt noch net iens ta om alles foar elkoar te krijen. Marike hat it nammentlik wakker drok mei har húswurk, mei har al-of-net freon Remco en in miljoen oare dingen dy’t har troch it tinken wynderje, mar boppe alles mei harsels. Om’t har broerke Peter ûndersocht wurdt op ADHD is se spoekbenaud dat se sels ek wolris in skamper fan dy ferfelende kwaal oprûn hawwe kin. Foegje dêrby de hektyk yn har gesin en it is yndied feest...

Hanneke de Jong hat derfoar keazen dit ferhaal yn in hiel direkte styl te skriuwen. Dêrby is se ek nochris yn steat Marike sa echt as it mar kin del te setten. Har reaksjes binne presys wat je ferwachtsje fan in famke fan dy leeftyd en dan wit de skriuwster der faak ek noch in skepke boppe-op te dwaan. In moaie fynst is it ôfrinnen fan de haadstiknûmers, fan trettjin nei nul, krekt sa’t bern ôftelle nei in feest ta. Reade tried is de ADHD fan it broerke. Sa’n tema kin hiel ûnnatuerlik yn in boek hingje, mar dêr is hjir gjin sprake fan. Al mei al hat Hanneke de Jong mei ‘Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen’ in prachtboek ôflevere!