Auck

3 maart 2016

Hoe’t ik der ek mei rekkene, likegoed muoide it my om te fernimmen dat Auck Peanstra stoarn is. De lêste kear dat ik har seach, wie by de útrikking fan de Rely Jorritsmaprizen, ferline jier op 3 oktober. Har gedicht wie bekroand mei in priis, mar troch har fannijs opspyljende sykte soe se earst net komme. Dêrom wie it bysûnder dat it dochs slagge om de feestlike útrikking by te wenjen en de priis persoanlik yn ûntfangst te nimmen.

Ik learde Auck kennen yn de jierren dat wy yn it bestjoer fan it Skriuwersboun sieten. Se hie har plakje ynnommen om de posysje fan it berneboek te ferbetterjen wêr’t dat nedich wie. Ik hie, lykas de oare bestjoersleden, in soad respekt foar har. Net allinnich wist se fan hoed en râne, se wist dat ek nochris koart en saaklik oer te bringen. Auck koe ek maklik relativearje, in eigenskip dy’t yn sa’n funksje goed fan pas komt, foaral as de seeën wat heger geane. As der wat oerlein wurde moast, gie dat fia de mail. Foar de aardichheid ha ’k noch even neisjoen hoefolle berjochten fan har yn myn ynboks sitte. It is in lange, lange rige dy’t trochgien is oant wy noch mar in pear wike ferlyn foar de lêste kear kontakt hiene.

Fierder koe ik har fan de kommisjes dy’t soargen foar de Skriuwerskalinder. It wiene jûnen om nei út te sjen. Har gefoel foar (drûge) humor, mar ek har saakkundigens, wiene in garânsje foar hiel wat fleurige jûnen, meastal by Anny de Jong yn Bûtenpost.

En wat hat se in soad bern bliid makke mei har wurk. De list fan publikaasjes is yndrukwekkend, mei de Tomke-boeken foarop. Se hat it Frysktalige berneboek werklik it plak besoarge dat it fertsjinnet. Dêrneist koe ik persoanlik genietsje fan har romans foar folwoeksenen. Benammen Sitebuorren, myn eigen paradys, it boek dêr’t se de Rink van der Veldepriis foar krige, ha ’k mei in soad nocht lêzen. Prachtich fan styl, werkenber en dochs nij, tsjûget se fan har jeugdjierren sûnder al te romantys te wurden.

Oant it lêste ta bleau Auck oanwêzich, lykas troch mei te tinken oer projekten dêr’t se by belutsen wie, sa’t se ek yn it Skriuwersboun op ôfstân warber wie. Mei har ferstjerren is der net allinnich in gat yn har eigen húshâlden en famylje slein. Ek foar de Fryske skriuwerij en benammen it Fryske berneboek is it weifallen fan Auck in gefoelich ferlies.

It mei dúdlik wêze, ik mocht graach oer Auck. Op de roukaart lit se witte: ‘It boek is ticht, it ferhaal is skreaun.’ Mar ik hie it noch lang net út en sil har misse.