Rêdbâd versus Pip

11 oktober 2013

In winkeltsje mei in boekje en in bern, mear is net nedich om oan boekepromoasje te dwaan, sa murk ik okkerdeis yn Dokkum.

Der wurdt hjoeddei wakker omstind op de manier om de Fries safier te krijen en lês ris wat faker in Frysk boek. Fral nei it weiwurden fan de Sutelaksje is it hurd gien mei de delgong yn de ferkeapsifers. Om it gat op te foljen waard Boeken fan Fryslân yn it libben roppen, kompleet mei webside. Tonnen binne der yn stutsen, want alles foar de Fryske taal. Wêrom’t dat jild net bestege wurde koe oan it warbere en ûnderwilens yn Tresoar opbiere Fryske Boek is my in riedsel, mar sa stadichoan fernuverje ik my nerges mear oer.

It nijste inisjatyf is no ‘It Boek fan de Moanne’. De earste roman dy’t op dizze manier oan de man brocht wurdt is ‘Rêdbâd’ fan Willem Schoorstra. In komplete trailer is bespuite mei de ferneamde Fryske kening. It is in prachtich gesicht, fral ek om’t er net sûnder humor en gefoel foar realiteit ôfbylde is as de stripfiguer dy't er winliken wie.

Spitigernôch is it promo-team fan ‘It Boek fan de Moanne’ net op it idee kommen it Grutte Pierswurd fan ús Fryske held trije-diminsjonaal oan de trailer te befêstigjen. Hie men dat dien, wie der teminsten noch kâns west wat sjoppende Friezen op te prippen en ôf te setten by in boekesaak, want earlik sein leau ik net dat in soad foarbygongers oars de relaasje tusken Rêdbâd en in Frysk boek lûke sille. Mar moai is it wol, dat moat sein.

Dat it ek hiel oars kin, makke ik ferline wike mei yn itselde Dokkum dêr’t ek de promoasjekampanje foar Rêdbâd begûn. Op de hoeke fan de Keppelstrjitte sit in wolwinkeltsje. Alles om te breidzjen, mar pinne kin net: ‘Oare kant strjitte is wol in automaat.’ Der wie in beppe yn de saak. Se hie har beide beppesizzers, in jonkje fan fiif en in famke fan trije, mei. Se moast even fuort om te pinnen, mar de bern mochten sa lang wol yn ’e winkel bliuwe. De eigeneresse wist dat se de bern wol fermeitsje koe mei in bakje knopen, boppedat leine der by de doar noch sa’n tweintich âlde, Fryske lêsboekjes. ‘Sykje dêr mar ien út, jim meie se hâlde’ sei se en dat lieten dy bern har net twa kear sizze. Yn tsjinstelling ta wat je meastal sjogge, ramaaiden dizze twa der net as wylden yn om, mar pakten se kreas de boppeste boekjes.

Dêr sieten se dan, samar oer de flier, de poatsjes opteard, sy mei it knopebakje, hy mei in boekje eptich yn beide hannen. Beppe kaam werom en seach it tefreden oan. ‘Ja,’ sei se, ‘hy is noch net iens seis, mar hy kin al lêze.’ Om har wurden te ûnderstreekjen, lei it famke har knoopkes oan ’e kant en rjochte se de oandacht earnstich op har broer, want se wist al dat foarlêze net samar wat is. En dêr klonk de titel op: ‘Ik kin al lêze. Fan Pip!’

Twa foarbylden fan boekepromoasje. Oer de earste is grif wakker om fergadere, der sil ek in gâns bedrach yn stutsen wêze, passend by de statuer fan Rêdbâd. Mar earlik sein tink ik dat de twadde manier gâns effektiver is. In winkeltsje, in boekje, in bern, mear is net nedich. Dat hoe spitich ek foar ús stoere, Fryske kening, dit rûntsje is mei glâns wûn troch Pip!