Op sneontemiddei 25 maart hâldt de Friese Pers Boekerij in boekemerk yn it gebou fan de NDC (Sixmastrjitte 15) te Ljouwert, In ferskaat oan skriuwers jout acte de présence. Ik dus ek!
Koos Tiemersma (Frjentsjer, 1952) waard bekend as skriuwer fan Frysktalige lieten en in oantal romans.
Koos Tiemersma (Franeker, 1952) werd bekend als schrijver Friestalige liedjes en een aantal romans.
mear/meer »
ynfo/info
minder
Op sneontemiddei 25 maart hâldt de Friese Pers Boekerij in boekemerk yn it gebou fan de NDC (Sixmastrjitte 15) te Ljouwert, In ferskaat oan skriuwers jout acte de présence. Ik dus ek!
Op 9 maart verschijnt 'Een aap klimt uit de boom' op papier bij de Friese Pers Boekerij/Noordboek, zowel in het Nederlands als het Fries.
Op 9 maart ferskynt 'In aap klimt út 'e beam' op papier by de Friese Pers Boekerij/Noordboek, sawol yn it Frysk as yn it Nederlâns.
Op tongersdei 24 novimber wurdt de portretfoto dy't Tryntsje Nauta fan my makke ûnthuld. Dat sil wêze om 16 oere by Tresoar, Bûterhoeke, Ljouwert.
De útrikking fan de Rely Jorritsmapriis 2016 is op sneon 1 oktober om 14.30 oere yn it doarpshûs fan Weidum / De uitreiking van de Rely Jorritsmaprijs is op zaterdag 1 oktober om 14.30 uur in het dorpshuis van Weidum. Allegearre fan herte wolkom!
Juster waard de útslach fan de jierlikse Rely Jorritsmapriis bekendmakke. Myn ferhaal 'De ûnwittende' waard mei trije oare ferhalen bekroand, de priisútrikking is op 1 oktober yn Bears.
De Fryske útjouwerijen hawwe yn ’e mande as ‘Boeken fan Fryslân’ en yn oerlis mei it Nederlands Letterenfonds tsien titels útsocht foar de brosjuere 10 books from Friesland. De brosjuere wurdt by de Frankfurter Buchmesse yn oktober yn it omtinken fan bûtenlânske útjouwers brocht.
Tiisdei 26 april sil ik nei basisskoalle de Wel yn Broeksterwâld om de bern dy't dielnommen hawwe oan de Ferhalewedstriid fan it Skriuwersboun, in oarkonde út te rikken.
Op 25 jannewaris, 1 en 8 febrewaris jou ik yn it ramt fan de ferhalewedstriid fan it Skriuwersboun in trijetal wurkwinkels yn resp. Koudum, Burgum en Wommels.