Fleur en fout

14 februari 2014

Deselden dy’t hjoeddei al pinebúk krije fan in u mei in kapke mear of minder moatte hast wol in hertfersakking krije by it lêzen fan in stikje Frysk út 1938, wie myn earste gedachte by it trochnimmen fan ‘Fryske boukinst en hwet der mei mank is’. It wie de tiid dat ‘stjoer’ noch as ‘stjûr’ skreaun waard, om mar te swijen fan de rest.

Ik fûn dit boekje  út ’e Frisia-Rige oer boumaster Arjen Witteveen by de Kringloop. It waard útbrocht ûnder redaksje fan yllústere nammen as J.H. Brouwer, E.B. Folkertsma, D. Kalma, D.H. Kiestra en J. Piebenga.

It is in boekje dat stiif stiet fan de meast kostlike útspraken dy’t faker as ien kear sa tsjinstridich as de neten binne. Nim dizze passaazje oer ferline en takomst: ‘Ek yn Fryslân is it konflikt twisken it geande en it kommende; wy wirdearje de stjerrende skientme fen hwet west hat en nea werom komt, mar yette mear hawwe wy ljeaf detjinge hwet nou komme moat.’ Lykwols, in eintsje fierderop docht bliken dat it mei dy leafde foar modernisearring wol in slach tafalt as de skriuwer it stedhûs fan Hilversum, ít masterwurk fan arsjitekt Dudok, besprekt: ‘By it nije riedshûs is allinnich mar socht om persoanlike effekten. Hja brûkten dêr b.g. glêdde, strakke en flakke stien. Mar nou, noch mar 10 jier letter, is de fleur der al ôf, yette 10 jier en den scil it noch mear bliken dwaen dat de bigjinsels fen boumaster Dudok net doogden.’

De ‘bigjinsels’ fan de skriuwer sels binne frijwat diskutabel, teminsten út ús tiid wei besjoen. Sa fynt er dat allinnich boud wurde mei mei ‘nasjonale’ materialen. Ek moatte bouwurken ‘in krêftich silhouet’ hawwe, want dat soe passe by ús folksaard. Om dy reden is de toer fan de nije Roomse tsjerke fan Boalsert ‘in mislearring’.

It nijsgjirrige is dat ek opmerkings oer keunst en de Fries yn it algemien makke wurde. Wat te tinken fan dizze útspraak oer Fryske keunst: ‘It wirk fen in Fries scille wy kenne oan syn ôfkear fen oerdwealskens, fen idele pronk en omballingen, oan syn ljeafde ta sljuchtens en rjuchtens, ta wierheit en ienfâld.’ It sil dan ek gjinien nij dwaan dat sierlikens net oan ’e skriuwer bestege is: ‘It selde hawwe wy b.g. as wy linnen mei fluwiel, side of goudtried forsiere.’ Fan sok dwaan komt allinnich mar gedonder: ‘Dy stoffen krimpe ûngelikens en binne dêrom net meiinoar to waskjen.’

Oer stof sprutsen. De Fryske man rint der neffens de skriuwer frijwat suterich by: ‘As men wirkelik as hear rinne wol, den moat men twaris jiers in nij pak ha, oars hâldt men de tear net en krijt pongen yn de boksen.’

By einsluten giet de skriuwer yn ’e pleit foar de Fryske pleats. It ideaal is in frijwat tradisjoneel ûntwerp fan arsjitekt Arjen Witteveen, in greidepleats mei ‘binhûs’. Dat is pas in ûntwerp fan komsa: ‘Gâns better en net djûrder as de stjelp!’

Dochs hat al dizze fleur ek in fout rantsje. ‘Nasjonale’ arsjitektuer, foarskriften foar de keunst en in nei binnen ta kearde blik soargen der in pear jier letter foar dat guon fan dy al earder neamde Fryske foaroanmannen fertize reitsje soene yn de netten fan de Nazi-ideology. Dêr út wei is it in hoannestap nei ús eigen tiid. Wat fan bûten komt is yn’t foar al fertocht: wy wurde oernommen, is it net troch Europa, dan wol troch de Sinezen. En wat wurdt der net ôf eamele oer ús ‘eigen’ identiteit? De boaiem fan sok tinken is maklik yn te siedzjen foar in partij as de PVV, ek yn Fryslân, merk ik hieltyd faker.

Te pessimistys? Wat dat oanbelanget stelt de wei dy’t dit boekje ôflein hat my net gerêst. Blikens in stimpeltsje foaryn is dit op it earste each sa fermaaklike, mar op it twadde each ferûntrêstende wurkje ôfskreaun troch Tresoar. Blykber hoegde it net bewarre te wurden, wêrom soene je ek.

En dêr krij ík dan pinebúk fan.