‘De duvel mei my helje,’ seit Julius Quist, learaar Dúts oan in Gymnasium yn Ljouwert, tsjin syn rektor wannear’t dy him foarstelt om wat betider mei pensjoen te gean.
It is in útspraak mei gefolgen. Sa gau as er beslút om it adfys dochs mar op te folgjen en ûnderweis nei skoalle ta net útsjocht by it oerstekken, wurdt er oanriden. Fysyk rekket er yn in koma, mar syn geast slagget it om oerein te kommen en de oerstek ôf te meitsjen. Oare kant strjitte wennet ommers in frou dy’t er út it rút fan syn lokaal wei withoefaak seach.
Wat folget is in Faustiaanse reis dy’t him fan Ljouwert nei Harns ta fiert. Oeral ûnderweis, oft it no yn Weidum, Jorwert, Baard, Winsum, Tsjom of Hitsum is, wurdt er konfronteard mei syn ferline, al is it Quist net altyd dúdlik wat de wûnderlike figueren dy’t er tsjinkomt presys fan him wolle...
Beskikberens (Liever de Nederlandstalige versie? Zie elders in deze bibliografie)
- Op papier: Het Nieuwe Kanaal, boekhannel, Bol.com, of kontaktformulier op dizze side (op fersyk besoargje ik de bestelling thús by wa't wat yn 'e buert fan Drachten wennet!)
- E-boek: Kobo, Bol.com of kontaktformulier