De ynfaller

De ynfaller

Wy skriuwe 1982, de simmerfakânsje komt yn sicht. Der wurdt fochten om de Falklands, de Kâlde Oarloch berikt in nij djiptepunt en Van Agt besuniget him in slach yn ’e rûnte. Tsjin dat dekôr sleept Marcus Ligthart him as ynfaller fan de iene nei de oare skoalle. Krekt wol er dermei ophâlde of hy kriget in tydlik baantsje op in skoalle yn ’e Wâlden oanbean.

Al gau komt Marcus derachter dat de leaflikens fan it doarp dêr’t er yn telâne komt mar skyn is en dat it skoalteam fan tsjinstellingen oanelkoar hinget. De heechste klasse is in boarne fan ûnrêst, hy wit him amper steande te hâlden. Al is der ien famke dat yndruk op him makket, mear as dat goed foar him is. En wêr is juf Lin presys op út? Dat en mear wurdt dúdlik by it tradisjonele hichtepunt fan it skoaljier: it kampearreiske nei ’t Amelân.

De Ynfaller is it ferslach fan in syktocht troch it labyrint dat it libben útmakket, in boek fol ûngemak, mei in slot dat lang om let de útwei biedt dêr’t Marcus om socht.

Beskikberens (Liever de Nederlandstalige versie? Zie elders in deze bibliografie)

De ynfaller

Preview

It skoalhaad stelde him foar as Kersting, in tapaslike namme foar ien mei in kristlike skoalle ûnder de kont. Sliten kolbert, mouwen mei beskermstikken op ’e earmtakken, giele sik dy’t ûnder syn kin hinget te fiislakjen. Hy jout les oan in kombinaasje, yn it lokaal neist dat fan my. Fan dêrút hâldt er my yn ’e kikert, wat ik trouwens ek dwaan soe as ik him wie.

Fan ’e moarn siet Richard flak by de doar sûnder euvelmoed op syn stuoltsje te wippen, doe’t Kersting ynienen achter him stie. Yn in flitsende beweging raamde er de earme jonge sûnder him falle te litten achteroer, dêrnei klapte er him wer nei foaren ta. It mantsje skrok him wyld en hy wie de iennige net.

Fan dyn échte master moatst dochs ek netsjes sitte? Sa giet de flierbedekking nei de barbysjes en dat witst bêst, systere er wylst er beskuldigjend op ’e putsjes by de poaten wiisde. Tagelyk seach Kersting mý oan: dêr moatst om tinke, ûnakseptabel, sok gedrach.