Ûnder wetter (2009)

It is 2065. Fryslân wurdt yn it ramt fan in wrâldwiid klimaatakkoart priisjûn oan it stiigjende seewetter.

De âlde keninginne Amalia hellet de bonken fan har foarâlden út de Grutte Tsjerke, rûnom hearsket ferfal en binne der rellen. De befolking moat nei Dútslân of Poalen, foar't de diken trochstutsen wurde. Yn Ljouwert en Grins rinne noch in pear minsken om dy’t de yllúzje koesterje dat se bliuwe kinne. Se foarmje in aksjegroep dy’t de Fryske taal en identiteit bewarje wol. It deiboek fan Sil Posset jout fan binnen út in sfearfol en spannend ferslach fan har aktiviteiten.

Resinsjes

Leeuwarder Courant: ‘Dizze knappe roman leveret in wichtige bydrage oan de diskusje oer identiteit en ymmigraasje.’

De Moanne: ‘Tiemersma hat op oangripende wize in sfear fan mankelikens, ferfal en ferlittenheid delsetten.’

Beskikberens

  • Op papier: twaddehâns fia Google of Marktplaats (by my útferkocht)
  • E-boek: KOBO of Bol.com
Ûnder wetter

Preview

Op in bepaald stuit fernaam ik hoe’t Seffing neist my siet te snokkerjen.
It is mar in lyts part fan de wrâld dêr’t wy nei sjogge, besocht ik him te treasten en ik lei myn hân op syn triljende earm.
Dêr hie ’k stjerre wold, sei de âldman.
Dy opmerking luts my werom yn de mankelikens dy’t by my sa ticht ûnder it oerflak húsmannet. Ik naam noch in swolch fan de wisky, it spul baarnde my yn ’e kiel en ferdôve my de kop.
Jo moatte sa mar tinke, sei Wester, straks kin yn alle gefallen gjinien der mear mei de kloeren oansitte en dat is ek wat wurdich.
Ik knikte, ynstimmend, hy hie gelyk. En doe wie it safier en foelen my de skilen fan ’e eagen en seach ik wat dit momint ynhold, krekt as waard ik wekker út in lange, lange sliep.
In klok kaam yn byld. De wite sekondewizer ljochte op, skokte oer de plaat by de streekjes del en sette gong nei de tolve. De skynwerper yn Harns swaaide nei de sluzen, in aggregaat loeide. Troch de skreef yn ’e midden gjalpe it earste wetter nei binnen. It fonkele, krolle, skombekke, in reptyl dat him losmakke en útbruts. Doe boppe Ferwert. Wat oer wie fan de dyk waard opblaasd, troch de ûntploffing hinne raasde it wetter begearlik ta it lân yn en Lauwerseach folge en de Lemmer en de Ofslútdyk en doe wie de reis foarby.
Dêr sieten wy, yn it blauwe ljocht, wylst wiete snie spoaren gûlde op it kâlde glês. Wy seine gjin wurd, sprakeleas yn de ynfallende stilte, mei in moarmeren gloede oer alles dat wy ta stân brochten en teknoeiden, tinkend oan wat wie, oan ús heiten en memmen, pakes en beppes, gewoane minsken dy’t libben, leafhiene, dy’t de fette klaai wûnen op ’e see en bewurken fan moarns ier oant jûns let, generaasjes dy’t ús foargiene, fêstbakt ûnder lagen smink oan in machteleazens dy’t ús as in kometesturt oan ’e kont hinget, wy dy’t rize en falle oant it wetter ús boppe de hollen slút en it krekt is as hawwe wy noait bestien en ik besleat dat it sa net ôfrinne soe, net mei my.