Ik bedoel mar! (2016)

Sechstjin ferhalen dy’t mei ynmoed beheard wurde troch in pensjonearre kondukteur, dat is de ferhalebondel ‘Ik bedoel mar!’ yn in nutedop.

It binne ferhalen dêr’t minsken yn konfrontearre wurde mei de ferrassingen dy’t it bestean yn ’t fet hat. Faak lykje it mar lytse foarfallen, lykas in busreiske troch de Pyreneeën oer wegen dy’t like smel binne as dat de bus breed is. Of nim de jongkeardel dy’t, ûnderweis nei syn wurk yn in muzykkafee, in filmke makket fan twa sjoppende froulju en der úteinlik achter komt dat neat is wat it liket. Dat lêste giet absolút ek op foar in bekende skriuwer dy’t ûnderweis nei in lêzing yn Bûtenpost kidnapt wurdt.

De ferhalen litte sjen hoe’t it bestean bytiden fan tafallichheden oanelkoar hinget, wêrby’t it oan de personaazjes yn dit boek is om in oplossing te finen. De toan yn de ferhalen is licht holden, humor en earnst geane hân yn hân, krekt sa’t it yn it ‘echte’ libben ek gean kin. Der is noch wat oars út it echte libben oerwaaid nei dit boek: it hat in garânsjeregeling! Achter yn it boek binne de lytse letterkes te finen.

Resinsjes

Friese literatuursite Jelle van der Meulen: ‘Omdat de verhalen zo soepel geschreven zijn, ben je snel geneigd om mee te gaan in het verhaal van het hoofdpersonage, waardoor je regelmatig op het verkeerde been gezet wordt.’

Leeuwarder Courant: ‘Tiemersma brûkt in linich en libben Frysk, hy wit mei it measte gemak in idele skriuwer, in âldere frou of in webdesigner te beskriuwen. Yn dit boek binne sechtjin moai behindige romans byinoar brocht.’ (****

Beskikberens (Liever de Nederlandstalige versie? Zie elders in deze bibliografie)

Ik bedoel mar!

Preview

It wie al suterich doe’t wy Andorra achter ús lieten nei in fierder nijsgjirrige dei-ekskurzje. Likegoed hold Hans, ús sjauffeur, de moed deryn. Hy hie tasein dat er in moaie toeristise rûte nimme soe op de weromreis nei it hotel. En dat die er dan ek. It wie yndied o sa toeristys, op it lugubere ôf. Earst rieden wy noch by in nuet opslachmar lâns, doe wie der in keardaam en dêrnei stjoerde er de bus samar de bergen yn, earst noch swier bemantele mei beammen, letter brún en keal, en foaral driigjend en steil. Neigeraden dat wy heger kamen, waard it stiller yn de bus. Gelokkich is der in fangrail, prate ik mysels moed yn en ik sil de iennige net west hawwe.
De noas tsjin it rút drukkend waard ik my bewust fan de omfang fan de ramp. Sels sieten wy op trijekwart fan foaren, skean foar de achterdoar oer, wat betsjutte dat de foarkant oer de râne hingje moast. No pas snapte ik de panyk foaryn. Der waard roppen, wy moasten der as de bliksem út.
Wêr wie Jelly?
‘Hjir bliuwe, nét nei foaren!’
Ik raasde it út, mar se hearde my net en besocht yn de stream op te wrotten. En as Jelly wat yn ’e kop hat, is se net te hâlden. Dêrby hat se har postuer mei, dat op healwei rekke it middenpaad alhiel ferstoppe. Yn in kleaune fan earmen en skonken besocht elkenien tagelyk om de doar te berikken. Achternei wie dat ús rêding, want dêrtroch wie der even tiid om nei te tinken. Waard de balâns net fersteurd as wy meielkoar de bus út fleagen? Dy hong ommers tusken himel en ravyn yn, soeiend as in op dea en ferdjer beluste widze. Nochris raasde ik Jelly har namme, myn ried te’n ein seach ik om my hinne. En doe stie er dêr ynienen, Gerlof, mei dat trainde liif fan him. Hy hie blykber deselde konklúzje as ik lutsen en reage him in wei nei de opstopping ta.
‘Allegearre sitte!’ balte er.