Biografy

Biografie

(Liever Nederlands? Scroll naar beneden!)

Koos Tiemersma (Frjentsjer, 1952) waard bekend as skriuwer fan Frysktalige lieten en in oantal romans.

Yn 1992 wie er de oprjochter fan muzykgroep SKIFT, in trio dat fierder bestie út Foppe Jacobi (bajan) en Bauke van der Heide (gitaar). Nei in twadde priis op it Fryske festival Liet te Ljouwert en de earste priis op it Noord-Nederlands Liedjesfestival waard de cd Nije Hoed opnommen. De groep makke ek namme troch in searje optredens ('boer-de-chant') op pleatsen yn en om Fryslân hinne.

Neidat yn 1999 it doek foel sette Koos Tiemersma in punt achter syn muzikale aktiviteiten en lei er him ta op it skriuwen. Om syn mooglikheden te ferkennen stjoerde er in ferhaal yn foar de Rely Jorritsmapriis. Nei in bemoedigjende reaksje fan de sjuery stjoerde er in jier letter fannijs yn: Job – in alter. Dit ferhaal waard yn 2000 bekroand mei de earste priis en foarme tagelyk de basis foar syn súksesfolle debútroman De ljedder. It earste eksimplaar waard yn maaie 2002 oanbean oan de Fryske sjonger-gitarist Roel Slofstra. De reaksjes op dit boek wiene posityf, yn 2003 waard it boek bekroand mei de earste Rink van der Veldepriis.

Yn 2004 ferskynde syn twadde roman (De mjitte), wêrnei't yn 2006 It liet fan de ibis en in jier letter it Fryske boekewikegeskink Mind Games folgen. Tagelyk mei de publikaasje fan Mind Games waard mei Ernst Langhout en Johan Keus in mini-cd útbrocht , dêr't in fjouwertal lietsjes fan John Lennon yn in eigen Fryske oersetting op stiene. Yn 2009 ferskynde syn roman Under wetter, troch de Leeuwarder Courant útroppen ta it bêste Fryske boek fan dat jier.

Under it pseudonym Froon Akker (ôflaat fan de histoarise namme fan syn berteplak Frjentsjer) skeakele er mei de publikaasje fan Hoe blond je aap yn 2010 oer op it digitaal útbringen fan syn boeken, dêr't ien fan (Einum) yn 2015 fan bekroand waard mei de heechste ûnderskieding yn de Fryske literatuer, de Gysbert Japicxpriis.

Sûnt 2020 publiseart er wer ûnder syn eigen namme, sawol op papier as digitaal.

Koos Tiemersma (Franeker, 1952) werd bekend als schrijver van Friestalige liedjes en een aantal romans.

In 1992 was hij de oprichter van de groep SKIFT, een trio dat verder bestond uit Foppe Jacobi (bajan) en Bauke van der Heide (gitaar). Na een tweede prijs op het Friese liedjesfestival Liet te Leeuwarden en de eerste prijs op het Noord-Nederlands Liedjesfestival werd de cd Nije Hoed opgenomen. Ook maakte de groep naam tijdens een uitgebreide tournee met boerderijoptredens in en buiten Friesland onder de naam Boer-de-Chant.

Nadat in 1999 het doek voor de groep viel, besloot Koos Tiemersma zich toe te leggen op het schrijven. Om de mogelijkheden te verkennen stuurde hij in 1999 een verhaal in voor de Rely Jorritsmapriis. Na een bemoedigende reactie van de jury schreef hij Job – in alter, oftewel Job – een altaar. Dit verhaal werd in 2000 bekroond met de eerste prijs en vormde tevens de basis voor zijn succesvolle debuutroman De ljedder. Het eerste exemplaar werd mei 2002 aangeboden aan de Friese troubadour Roel Slofstra De reacties op het boek waren positief. In 2003 werd het boek bekroond met de eerste Rink van der Veldeprijs.

In 2004 verscheen een tweede roman (De mjitte), waarna in 2006 It liet fan de ibis en in 2007 het Friese boekenweekgeschenk Mind Games volgden. De publicatie van Mind Games ging vergezeld van een mini-cd met Ernst Langhout en Johan Keus, waarop een viertal liedjes van Lennon en McCartney in een Friese vertaling van de schrijver zijn opgenomen. In 2009 verscheen zijn roman Under wetter, door de Leeuwarder Courant uitgeroepen tot het beste Friese boek van dat jaar.

Onder het pseudoniem Froon Akker (afgeleid van de historische naam van zijn geboorteplaats Franeker) schakelde hij met de publicatie van Hoe blond je aap in 2010 (later opnieuw in bewerkte vorm uitgebracht onder de titel Een aap klimt uit de boom) over op digitaal publiceren van zijn werk, waarvan in 2015 zijn roman Einum bekroond werd met de hoogste prijs van de Friese literatuur, de Gysbert Japicxpriis.

Sinds 2020 publiceert hij zijn werk weer onder eigen naam, zowel op papier als digitaal.

Foto auteur: Niels Westra / Tresoar