Trump yn Fryslân

10 maart 2017

(Voor de Nederlandstalige versie even naar beneden scrollen)

Wat sille wy no beleve? In boek op papier fan Froon Akker? En dan ek noch ûnder syn eigen namme? By syn âlde útjouwer? Sit Donald Trump hjir miskien achter? Allegear fragen dy’t samar opkomme kinne, fandêr wat antwurden.

It is alwer even lyn dat ik in satire skreau oer de opkomst fan it populisme en dy publisearre as e-boek. Dêrnei bin ik op dy foet trochgien, wat ynhold dat ik op dy manier trije romans útbrocht fia myn eigen webside. Dat gie eins hieltyd better, al is it digitale boek yn de Fryske setting (noch?) net echt trochbrutsen. Dochs is dy foarm fan publisearjen ûnderwilens folwoeksen wurden. Yn de biblioteek is it oanbod breder wurden, binne de prizen sakke en is de ballêst fan ûnnutte befeiliging oerboard set. Dêrby is it normaal wurden om neist in útjefte op papier ek in digitale ferzje út te bringen. It sil dus wol goedkomme mei it e-boek, al mocht it om my wol wat flugger gean.

Sadwaande hie ik de lêste tiid it gefoel dat ik myn punt wol makke ha. No rekke ik okkerdeis tafallich yn petear mei de minsken dy’t de Friese Pers Boekerij opkocht hawwe en in nije start besykje te meitsjen. It die bliken dat wy fan beide kanten al ris oan elkoar tocht hiene, dat wy wiene it samar iens.

Al gau wiene wy derút dat Bobo de aap bêst noch in kear út syn beam klimme mocht om as populist avant la lettre de polityk yn te gean en mei syn warrich praat kloften folk te mislieden. Dêrta haw ik it boek nochris goed trochnommen om it oan te passen oan dizze tiid. En wat bliek? Ik hoegde net iens in soad te feroarjen mei’t it boek (eins in ferûntrêstende konklúzje) troch de werklikheid ynhelle is en wol yn de foarm fan in farske fantast mei in raar prúkje hier.

En sa komt it dat Bobo yn dizze nije ferzje Donald Trump as ljochtsjend foarbyld neifolget. In aktueel boek dus en fan no ôf te besetten by de Friese Pers Boekerij. Under myn eigen namme, dat like de útjouwer kommersjeel sjoen de baas. En hoe komt it mei it e-boek? Dêrfoar kinst as fanâlds terjochte yn myn webshop. Want hoe’t it ek is, ik leau om in soad redenen yn dy publikaasjefoarm.

Benijd hoe’t it fierder gean sil? No, ik ek!

(By de boeken op dizze side fynst de links nei de Friese Pers Boekerij)

Trump again

Wat nu weer? Een boek op papier van Froon Akker? En dan ook nog onder eigen naam? Bij zijn oude uitgever? Zit Donald Trump hier misschien achter? Allemaal vragen, met bij deze de antwoorden.

Het is alweer even geleden dat ik een satire schreef over de opkomst van het populisme en die publiceerde als e-boek. Daarna ben ik op die voet verdergegaan, wat inhield dat ik drie romans in eigen beheer heb uitgebracht. Dat ging steeds beter, al is het digitale boek nog niet werkelijk doorgebroken. Toch is het e-boek inmiddels redelijk volwassen geworden. Bij de bibliotheek wordt het aanbod steeds breder, de prijzen zijn gedaald en de ballast van onnodige beveiliging is overboord gezet. Daarbij is het normaal geworden om naast een papieren uitgave ook een digitale versie uit te brengen. Het komt dus wel goed met het e-boek, al mocht het wat mij betreft wel wat sneller gaan.

De laatste tijd heb ik het gevoel dat ik mijn punt, zeker in het Friese, wel heb gemaakt. Nu kwam ik onlangs bij toeval in contact met de mensen die mijn ‘oude’ uitgever hebben overgenomen. Er is een nieuwe start gemaakt, de website is vernieuwd, alle reden om eens te kijken wat de mogelijkheden zijn.

We waren er al snel uit. Bobo de aap mocht opnieuw uit zijn boom klimmen om als populist avant la lettre met zijn wartaal de kiezer massaal te misleiden. Ik ben dus aan de slag gegaan en heb een aantal aanpassingen gedaan om het boek bij de tijd te brengen. En wat bleek? Ik hoefde nauwelijks iets te veranderen (een redelijk verontrustende conclusie, als je het mij vraagt) sinds het boek is ingehaald door een verse charlatan aan de overkant van de Grote Plas.

Zo komt het dat Bobo met Donald Trump als lichtend voorbeeld aan de slag gaat. Een actueel boek dus dat nu ook op papier te verkrijgen is. En het e-boek? Tja, dat blijft gewoon beschikbaar via mijn webshop.

Benieuwd hoe dit gaat aflopen? Ik ook!

(Bij de boeken op deze site vind je de links naar de Friese Pers Boekerij)