Neaken en bleat

25 november 2016

‘Dêr giet wer in tradysje,’ krige ik fan ien op it pantsje doe’t bekend waard dat ik in foto meitsje litten hie as ûnderdiel fan de Gysbert Japicxpriis yn stee fan in skilderij. Sels kin ik my better fine yn de draai dy’t Bert Looper der juster oan joech: ‘In stylbreuk’. Oft dat betsjut dat der letter mear foto’s folgje sille, wit ik fansels net. It kin bêst wêze dat it by ien kear bliuwt en ek dat is prima. Ik ha gewoan dien wat yn my opkaam: wat in oar docht, moat in oar witte.

Earst mar de achtergrûn fan ien en oar. It foel my nammentlik al folle earder op dat der gjin fotografearre portretten yn de GJP-seal hongen. No hie ik der noait by stilstien dat ik de priis sels ek wolris winne koe (al siet ik der yn 2011, sa hearde ik letter, mei ‘Under wetter’ ek tichtby). Mar doe’t my dat ál oerkaam, wie it foar my net al te dreech: ik stelde Tryntsje Nauta foar om ditkear mei it portret te rêden. Tresoar pikte dat idee samar op en ‘the rest is history’.

No bin ik net ien dy’t graach op de foto komt, dus in wat masogistise kar wie it ál. Je wurde, sa’t Tryntsje by de ‘ûntbleating’ ek al sei, oant yn detail besjoen en sa fielt it ek. Neaken en bleat is der neat by, dat ik ha trije middeis lang wat ôfswitten yn Masinefabryk Sluis hjir yn Drachten (2x) en by my thús (1x). No moat ik wol sizze dat je as winner fan de Gysbert aardich yn it sâlt bebiten reitsje, want der is in moai protsje foto’s fan my makke. Alles went, sei de boer...

En sa siet ik juster by alwer in heppening yn it kader fan de priis. Der wiene moaie taspraakjes fan Han Steenbergen, Hein Jaap Hilarides hie wat tapaslike lietsjes yn petto, Tryntsje kaam noch oan it wurd en iksels hie yn in taske fan Record Store Day in foto fan Tryntsje yn aksje mei. (Arjan Hut hie yn syn ferslach foar De Moanne in soad omtinken foar dat taske, wat ik trouwens hiel goed snap)

Ien opmerking fan Tryntsje wol ik der noch even útpikke. Se murk op dat der amper froulike keunstners frege wurde om it portret te meitsjen, dat se wie bliid dat it ditkear oars beteard wie. It sleat moai oan by in praatsje dat ik earder mei in oanwêzige froulike auteur hie oer it hege oantal manlike priiswinners: ‘Der is dochs wat frjemds oan ’e hân mei de takenning fan literêre prizen, en net allinnich yn Fryslân,’ sa murk se op. It is in ûnderwerp dat út en troch opdûkt, it lêste wurd is der noch lang net oer sein. Foar my wie dit yn alle gefallen de ôfsluter fan twa hektise jierren. De tariedingen foar de folgjende Gysbert, ditkear foar poëzy, sille grif yn folle gong wêze. En ik kin my wer talizze op wat ik it leafste doch: alles fan in ôfstân besjen, krekt as op de foto dy’t Tryntsje fan my makke.